renee-web

Wolkom bij Kraam met Zorg

De berte fan in berntsje is mei neat  te fergelykjen. It is as komme jo efkes yn in oare wrâld. Kraammetzorg ferlient kreamsoarch en nimt de soarch oer foar dy en dyn húshâlding by de berte fan in poppe.

Renée van der Heide – Canrinus
kreamfersoarchster

Gratis kraamcadeauMeld dy hjir oan

Swangerskip

In swangerskip is in bysûndere en spannende tiid dy’t  foar in grutte feroaring yn dyn hjoeddeistige leven soargje sil. De swangerskip is faaks ek in tiid mei in soad fragen en ûnsekerheden, foaral by in earste berntsje.  De njoggen moanne fan swangerskip biedt gelokkich foldwaande tiid om dy goed ta te rieden.

Befalling

Thûs of yn it sikehûs befalle? Swangere froulje yn Nederlân kinne sawol thûs, as yn it sikenhûs befalle. Ôfhinklik fan dyn situwaasje is dit watst tegearre mei de ferloskundige besprekst en beslútst.

 

Kraamtiid

Faak hast de kreamsoarch yn de earste wike daliks nei de befalling. De soarch foar dy en dyn poppe steane hjiryn foarop. Dêrneist haw ik as kreamfersoarchster ek each foar de partner en de eventuele oare gesinsleden, want krijst as gesin in lyts berntsje derby en dat is in hiele feroaring.

Fergoeding

As mem hast standert rjocht op in basispakket fan 49 oeren kreamsoarch ( ast boarstfoeding joust ) en 45 oeren by flessefoeding. It is ferdield oer 8 dagen. Yn’ e praktyk komt dat del op sa om- en- de by 5 à 6 soarch oeren deis.

 



DSC_0847

Kraam met Zorg

De namme seit it al, kraam met zorg. De soarch bestiet foaral út leafde en respekt foar minsken en gesinnen. Myn doel is om foar elk gesin de kreamtiid sa ûntspannen mooglik ferrinne te litten. Ik bin der fan oertsjûge dat elk gesin, elke mem en poppe spesjaal is. Boppedat fyn ik it belangryk dat elkenien de soarch foar in bern op him of har eigen wize ynfolle mei.

Oer mysels

Yn it koart wat oer mysels: Ik bin Renée van der Heide – Canrinus, troud en mem fan trije dochters en yntusken ek beppe fan fjouwer beppesizzers.

Ungefear 34 jier lyn bin ek as kreamfersoarchster begongen. Earst yn tsjinstferbân by in kreamorganisaasje en sûnt tsien jier as selsstannich kreamfersoarchster. Tusken de kreamen troch haw ik ek wurke yn de âldereinsoarch, it sikehûs en it bedriuwslibben. Mar myn hert leit by de kreamsoarch. Troch ferskate foarmen fan oplieding en it bywenjen fan fakynhâdlike byienkomsten elke moanne, haw ik mysels ûntwikkele ta in profesjonele kreamfersoarchster mei romme ûnderfining.

Myn wurk doch ik mei in soad leafde en soarch yn in soad ferskillende gesinnen. Yn it bûtenlân bin ik sa no en dan ek oan it wurk as kreamfersoarchster yn Nederlânske gesinnen. Alle kearen fyn ik it wer bysûnder om by it begjin fan in nij libben te wêzen. It jout my altyd wer in soad foldwaning. Ik stel mysels altyd posityf op en bin fleksibel en kin my goed oanpasse oan fersillende omstannichheden.

It is in foarrjocht en útdaging om alle minsken by te stean tidens de kreamtiid. Myn belangstelling giet út nei sawol Nederlânske- as wol gesinnen út oare kultueren. It wurkjen mei fersillende minsken, as it no giet om leeftyd, kultuer, of sosjale achtergrûn, dat alles makket myn wurk de muoite wurdich. Boppedat haw ik der aardichheid oan om learling kreamfersoarchsters te begelieden by harren wurk as kreamfersoarchster.

 

Schermafbeelding 2012-10-12 om 23.14.14

Wurkgebiet

Myn wurkgebiet leit yn de regio Fryslân en oangrinzjende gebieten sa as bygl.: de kop fan Oerisel, Drenthe en de Westkant fan Grins. Ut myn wenplak Drachten wei kin ik maklik by de klanten yn dizze regio komme. Meastal bin ik binnen in oere nei oprop by de befalling oanwêzich.

Wennest bûten dizze regio en wolst graach KraammetZorg krije, nim dan gerêst kontakt mei my op.

 

DSC_0091

Kreamsoarch yn it bûtenlân

Sûnt de simmer 2008 wurkje ik ek as kreamfersoarchster yn it bûtenlân by Nederlânske gesinnen dy’t dêr wenje en wurkje. Om op dizze wize kreamsoarch te jaan, jout in ekstra diminsje oan myn fak. Op dizze wize kin Kraammetzorg oer de grins Nederlânske gesinnen de mooglikheid biede om kreamsoarch te krijen fan in Nederlânske kreamfersoarchster en op dizze wize in goede start meitsje as gesin by de unike gebeurtenis; de berte fan har berntsje.

Sa haw ik kreamsoarch jûn yn Noarwegen, Poalen en Itaalje. It wurkjen yn it bûtenlân doch ik yn gearwurking mei kreamsoarch “Cradle”út Amsterdam.

Ut eigen ûnderfining wit ik hoe belangryk it is om by de berte fan dyn berntsje dyn eigen memmetaal prate te kinnen en om immen om dy hinne te hawwen dy’t dy ferstiet en begrypt. 

Wennest yn it bûtenlân en ferwachtest in berntsje of hast famylje of freonen yn it bûtenlân en do gunst harren in Nederlânske kreamtiid?

Belje my en ik sil alles fertelle oer hoe oft alles yn syn wurk giet en oer de fergoeding fan “kraammerzorg”oer de grins!

Fanút it bûtenlân kinst belje mei; +31 512 542 985 of +31 6 180 81 454 of in e-mail stjoere nei: renee@kraammetzorg.nl

 

SONY DSC

Kontakt

Foar mear ynfomaasje of in ôfspraak meitsje?

Belje dan mei:

Renée van der Heide – Canrinus.
Gediplomeerd zelfstandig kraamverzorgende.

Tjalling Wagenaarstraat 33
9203 SP  Drachten

0031(0) 6 – 180 814 54
renee@kraammetzorg.nl

 
Copyright © 2016 - Renée van der Heide - Canrinus. Leveringsvoorwaarden Algemene voorwaarden